Flagge fan Mitselwier
Appearance
De flagge fan Mitselwier is de flagge fan it doarp Mitselwier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Blau: in wite fljochtskeanbalke fan in tredde flaggehichte; yn de broektop in giele seispuntige stjer.
De kleuren komme út it wapen fan Mitselwier.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skeane baan: oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr it doarp eartiidsk part fan wie.
- Seispuntige stjer: dit is in saneamde gidsstjer dy't in haadplak oanjout. Mitselwier wie it haadplak fan East-Dongeradiel.