Flagge fan Mildaam
Appearance

De flagge fan Mildaam is de flagge fan it doarp Mildaam, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. De flagge waard yn 2004 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen blau, wyt en blau yn de ferhâlding 1:1:4, de wite baan fiif kear weagjend en op 2/9 fan de flaggelingte ûnderbrutsen, de ûnderbrekking mei in breedte gelyk oan 1/6 flaggehichte; yn de ûnderste baan oan de broekside in giel ikeblêd mei in hichte gelyk oan 2/3 flaggehichte en pleatst ûnder de ûnderbrekking yn de weagjende baan.
De kleuren komme út it wapen fan Mildaam.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Weagjende baan: symboal foar de Tsjonger dy tichtby it doarp rint. De ûnderbrekking fan de baan stiet foar de daam út de plaknamme en dy't warskynlik yn de Tsjonger lei.
- Ikeblêd: stiet foar de ikebeammen yn de omkriten fan it doarp. It goud stiet foar de sângrûn dêr't it doarp op leit.