Springe nei ynhâld

Flagge fan Menaam

Ut Wikipedy
Flagge fan Menaam

De flagge fan Menaam is de flagge fan it doarp Menaam, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2019 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa banen blau en giel yn de ferhâlding 2:1, de ûnderste baan kantield mei acht kantielen, útgeande fan de broekside en yn it blau in lizzende wite omsjende ienhoarn.

De kleuren komme út it wapen fan Menaam.

  • Ienhoarn: oernommen út it wapen fan Menameradiel. Ek is it in symboal foar Jezus.
  • Twadieling mei kantielen: ferwiist nei de stinzen dy't yn de omkriten fan it doarp stien ha.