Flagge fan Mantgum
Appearance

De flagge fan Mantgum is de flagge fan it doarp Mantgum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije weagjende banen read, wyt en blau, yn de ferhâlding 6:1:3, en oan de broekside op it blau in swimmende swan mei de wjukken yn'e hichte, fan 1/2 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Mantgum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kleuren: oernommen út it wapen fan Baarderadiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk haadplak fan wie.
- Swan: ferwiist nei it Swannerjocht dat ferbûn wie oan de sate Hokswier.
- Weagjende banen: ferwize nei de Middelsee, dêr't it doarp tichtby lei.