Springe nei ynhâld

Flagge fan Lytsewierrum

Ut Wikipedy
Flagge fan Lytsewierrum

De flagge fan Lytsewierrum is de flagge fan it doarp Lytsewierrum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif lingtebanen grien, giel, grien, giel en grien, yn de ferhâlding 2:3:2:3:2, mei oan de broekside trije boppe mekoar pleatste en oanreitsjende reade broekingstrijehoeken, wêrfan de toppen lizzend op de 1/3 flaggelingte en nei de broekside ferlinge binne mei 1/6 flaggelingte.

De kleuren komme út it wapen fan Lytsewierrum.