Springe nei ynhâld

Flagge fan Lippenhuzen

Ut Wikipedy
Flagge fan Lippenhuzen

De flagge fan Lippenhuzen is de flagge fan it doarp Lippenhuzen, yn de Fryske gemeente Opsterlân.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fan sân like hege lingtebanen fan read en giel, mei in grien fjouwerkant kanton mei in hichte fan trije banen mei dêr yn in giele rjochtsskean pleatse by mei in hichte fan in tredde fan de flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Lippenhuzen.

  • Giele banen: oernommen oan de trije gouden beammen út it wapen fan Lippenhuzen. De banen stie foar de fearten dy't troch it feanlânskip rûnen.
  • Griene kanton: kleur is oernommen oan de skeane balke út it wapen fan Lippenhuzen. Dizze skeanbalke ferwiist ek nei de turffearten fan it doarp.
  • Bij: ferwiist nei it hâlden fan bijen yn de eardere heidefjilden fan it doarp.