Flagge fan Kûbaard
Appearance

De flagge fan Kûbaard is de flagge fan it doarp Kûbaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Nei ûnderen skeand fan grien en read, mei oer alles hinne in giele broekingsskeanbaan mei in dikte fan 3/10 flaggehichte en yn it read in wite roas fan 2/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Kûbaard.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Giele skeanbaan: stiet foar de Slachte.
- Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
- Roas: ferwiist nei de poëzy fan dichteres Petronella Moens, berne yn Kûbaard.
- Read fjild: symboal foar de leafde foar taal.