Flagge fan Jistrum
Appearance

De flagge fan Jistrum is de flagge fan it doarp Jistrum, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
It ûntwerp is fan Piet Bultsma.
By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Flechtskean dield fan grien en giel; yn it grien de wite kop fan in skiep, fan siden sjoen.
De kleuren komme út it wapen fan Jistrum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Twadieling: ferwiist nei de lizzing fan de lege gêrslannen by it Burgumer Mar en de hegere grûnnen fan de Ies.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Tytsjerksteradiel en ferwiist nei de agraryske produkten út it doarp.
- Skieppekop: eartiidsk waard tocht dat de plaknamme Jistrum "skieppehok" betsjutte.
- Wapen fan Tytsjerksteradiel (1818-1985)