Springe nei ynhâld

Flagge fan Jellum

Ut Wikipedy
Flagge fan Jellum

De flagge fan Jellum is de flagge fan it doarp Jellum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif lingtebanen grien, giel, grien, giel en grien; in trije kear kantielde reade broeking, de earste kantiel begjinnend oan de boppeside fan de flagge op 2/5 flaggelingte, op it midden belein mei in giele klaver oan in tûkje, de kantielen gelyk mei de griene banen en de tuskenrûmten mei de giele banen.

De kleuren komme út it wapen fan Jellum.

  • Kantielde broeking: ferwiist nei de eardere Mammingastate yn it doarp.
  • Klaver oan tûkje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Burmania. Ek ferwiist it nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp.