Springe nei ynhâld

Flagge fan Itens

Ut Wikipedy
Flagge fan Itens

De flagge fan Itens is de flagge fan it doarp Itens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Neffens de flaggediagonaal yn fjouwer banen 3:1:1:1, read, blau, wyt en blau, mei op it read in út de dielline útkommend springend wyt hynder.

De kleuren komme út it wapen fan Itens.

  • Yndieling flagge: ferwiist nei de patroanhillige fan de Martinytsjerke, Martinus fan Toers. Hy snijde syn mantel yn twaen en joech in helte oan in bidler.
  • Hynder: ferwiist nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp. Ek is it hynder oernommen út it wapen fan de famylje Stapert, dy't in pleats yn it doarp bewenne.
  • Blauwe banen: oernommen út de wapen fan Hinnaarderadiel en Littenseradiel, de gritenij en gemeenten dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
  • Wite baan: ferwiist nei de lizzing fan it doarp oan de Slachte.