Springe nei ynhâld

Flagge fan Ikkerwâld

Ut Wikipedy
Flagge fan Ikkerwâld

De flagge fan Ikkerwâld is de flagge fan it eardere doarp (no part fan Damwâld) Ikkerwâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. De flagge wurdt no brûkt troch de Feriening fan Doarpsbelangen wyk Ikkerwâld. It wapen waard yn 1999 registrearre.

It ûntwerp is fan R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fedield yn twa banen giel en read troch in seachtosk-trochsnijing, sa, dat it reade trije punten hat. De hichte fan de punten is gelyk oan 3/4 flaggehichte. Op 1/10 flaggehichte fan de bopperâne fan de flagge in fersmelde horisontale griene baan fan 1/10 flaggehichte. Yn de linker ûnderhoeke in wite burcht fan 11/30 flaggehichte, iepene en ferljochte fan it fjild.

De kleuren komme út it wapen fan Ikkerwâld.

  • Trije punten: ferwize nei de trije eardere doarpen dy't Damwâld foarmje: Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld.
  • Burcht: jout oan de Ikkerwâld it meast westlike doarp is fan de trije.
  • Griene baan: ferbyldet it elzeblêd út it wapen fan Ikkerwâld.