Springe nei ynhâld

Flagge fan Idaerd

Ut Wikipedy
Flagge fan Idaerd

De flagge fan Idaerd is de flagge fan it doarp Idaerd, yn de Fryske gemeente Ljouwert. By gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 waarden in wapen en in flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim. De flagge waard yn 1986 registrearre.


De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan blau en read, ferhâlding fan lingten 2:1; yn de blauwe baan in wite swimmende swan.

De kleuren komme út it wapen fan Idaerd.

  • Swan: oernommen út it wapen fan de famylje Friesma, dêr't de Friesmastate syn namme oan te tankjen hat.