Springe nei ynhâld

Flagge fan Huzum

Ut Wikipedy
Flagge fan Huzum

De flagge fan Huzum is de flagge fan it eardere doarp (no part fan Ljouwert) Huzum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 1994 registrearre.

It ûntwerp is fan Rudolf J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fjouwer banen blau-wyt-blau-wyt mei oer de earste twa banen oan de broekside in reade seispuntige stjer mei in trochsneede dy't gelyk is oan 7/15 fan de flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Huzum.

  • Seispuntige stjer: in saneamde "haadstjer" dy't in haadplak oanjout. Huzum wie it haadplak fan Ljouwerteradiel. De kleur read is oernommen út it wapen fan Eastergoa.