Springe nei ynhâld

Flagge fan Hurdegaryp

Ut Wikipedy
Flagge fan Hurdegaryp

De flagge fan Hurdegaryp is de flagge fan it doarp Hurdegaryp, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bultsma.

By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif hichtebanen fan read-wyt-swart-wyt-read, yn de ferhâlding 6:1:2:1:6; boppe yn de hijs op de reade baan in giele snoerde jachthoarn.

De kleuren komme út it wapen fan Hurdegaryp.

  • Swarte baan: ferwiist nei de Swarte wei. Nei de oanlis fan dy wei yn 1830 ferpleatste it doarp stadichoan nei dy wei.
  • Reade baan: oernommen út in kertier fan it wapen fan Tytsjerksteradiel.
  • Jachthoarn: oernommen út in kertier fan it wapen fan Tytsjerksteradiel.