Flagge fan Himpens
Appearance

De flagge fan Himpens is de flagge fan it doarp Himpens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Twa weagjende, oanienslutende banen giel-blau yn de hichteferhâlding fan 2:1; op it giel op 1/3 flaggelingte in steand pear reade oksehoarnen mei in hichte, gelyk oan 1/2 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Himpens.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oksehoarnen: ferwiist foar de "Oksenaersbrêge" yn Himpens.
- Weagjende baan: ferwiist nei de Himpensermar dêr't yn 1535 anabaptisten om har leauwen ferdronken waarden.