Flagge fan Hilaard
Appearance

De flagge fan Hilaard is de flagge fan it doarp Hilaard, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Giel mei in reade klokgevel, steande op de broekside en oanslutend op de boppe- en ûnderside fan de flagge, wêrfan de dielline begjint op 1/5 flaggelingte en wêrfan de top leit op 3/5 flaggelingte; de klokgevel ferlinge mei in blauwe baan fan 2/15 flaggelingte; it read belein mei in giele leelje fan 1/2 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Hilaard.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klokfoarmige yndieling: ferwiist nei de gevel fan de toer fan de Jehannes de Dopertsjerke fan Hilaard.
- Leelje: oernommen út de wapens fan de famyljes Fan Aylva en Van Mockema dy't de Tjessingastate yn it doarp bewennen.
- Blauwe baan: ferwiist nei de Hilaarder Feart, eartiidsk in belangrike ferbining mei de bûtenwrâld.
-
It wapen fan de famylje Fan Aylva.