Flagge fan Hieslum
Appearance

De flagge fan Hieslum is de flagge fan it doarp Hieslum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út twa diagonale flakken yn it swart en wyt linksskeand, mei yn it wyt in reade pompeblêd, oan de mastside de fersmelle flagge fan Wûnseradiel.
De kleuren komme út it wapen fan Hieslum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pompeblêd: ferwiist nei de eardere marren yn de omkriten fan it doarp.
- Fersmelle flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp part fan wie.