Springe nei ynhâld

Flagge fan Haskerlân

Ut Wikipedy
Flagge fan Haskerlân

De flagge fan Haskerlân is de flagge fan de eardere gemeente Haskerlân. De flagge waard yn 1983 regisgtrearre.

It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.

De flagge is sûnt 1984 net mear yn gebrûk omdat Haskerlân doe part waard fan de gemeente Skarsterlân. Skarsterlân is sûnt 2014 part fan de gemeente De Fryske Marren.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa banen fan like hege banen fan blau en grien, mei oer alles hinne op de skieding tusken de banen in wite springende hazze, wêrfan de lingte in heale flaggelingte is.

  • Blauwe en griene baan: ferbyldet it griene gers mei in blauwe himel.
  • Hazze: ferwiist nei de gemeentenamme. De namme Haskerlân ferwiist oarspronklik nei haske of heesc: in gerssoarte. In populêre ferklearring ûnder de befolking wie lykwols dat it fan it wurd hazze komme soe.