Springe nei ynhâld

Flagge fan Haskerhoarne

Ut Wikipedy
Flagge fan Haskerhoarne

De flagge fan Haskerhoarne is de flagge fan it doarp Haskerhoarne, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. De flagge waard yn 2007 registearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa like hege lingtebanen fan wyt en grien, mei yn de broektop in reade rinnende hazze.

De kleuren komme út it wapen fan Haskerhoarne.

  • Reade hazze: ferwiist nei it diel "Hasker" fan de plaknamme, hasker ferwiist nei hazze.
  • Twadieling flagge: symboalisearret de Jousterwei dy't troch it doarp rint.
  • Grien fjild: ferwiist nei de bosken yn de omkriten fan it doarp.