Springe nei ynhâld

Flagge fan Hartwert

Ut Wikipedy
Flagge fan Hartwert

De flagge fan Hartwert is de flagge fan it doarp Hartwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.

It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.

By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.

De beskriuwing fan de flagge is:

Blau fjild mei in wite diagonale baan dy't fan linksûnder nei rjochtsboppe rint. Oan de mêstside de fersmelde flagge fan Wûnseradiel.

De kleuren komme út it wapen fan Hartwert.