Flagge fan Húns en Leons
Appearance

De flagge fan Húns en Leons is de flagge fan de doarpen Húns en Leons, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije hichtebanen, read, wyt en read, elke baan belein mei in dakpanne, wyt, read en wyt, lein tusken 1/10 en 9/10 fan de flaggehichte en de lofter- en rjochterside gearfalle mei de lofter- en rjochterside fan de hichtebaan; de wite dakpannen belein mei in griene klaver fan 1/2 flaggehichte.
De kleuren komme út de wapen fan Húns en Leons.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dakpannen: ferwiist nei de eardere stienbakkerij dy't oan de Boalserter Feart lei. De brêge oer de Boalserter Feart hjit ek de Panwurksbrêge.
- Klavers: ferwize nei it agraryske karakter fan de doarpen.