Springe nei ynhâld

Flagge fan Grou

Ut Wikipedy
Flagge fan Grou

De flagge fan Grou is de flagge fan de flecke Grou, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan blau en giel, ferhâlding fan lingten 2:1; yn de blauwe baan boppe mekoar twa giele fisken; de boppeste sjocht nei de kant fan de flechtside.

De kleuren komme út it wapen fan Grou.

  • Blauwe baan: ferwiist nei de wetterrike omkriten fan it plak.
  • Fisken: ferwize nei de fiskerij fanút it plak.