Flagge fan Gersleat-Polder
Appearance

De flagge fan Gersleat-Polder is de flagge fan it doarp Gersleat-Polder, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 2008 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen giel, grien en blokkich fan lizzende blokjes fan wyt en swart yn twa banen mei 7 blokken, de banen yn de ferhâlding 2:8:3, op de griene baan oan de broekside in wyt dravend hynder.
De kleuren komme út it wapen fan Gersleat-Polder.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grien fjild: ferwiist nei de polder wêr't Gersleat-Polder yn leit.
- Hynder: is oernommen út it wapen fan Gersleat. Omdat it pleatsen fan in read hynder op in grien fjild heraldysk net korrekt is, is der keazen foar in sulveren hynder.
- Blokkige baan: oernommen út it wapen fan de Polder fan it Fjirde en Fyfde Feandistrikt. It swarte ferwiist nei it fean en it sulver nei de wetteroerflakken dat ûntstien is troch de feanterij.
- Giele baan: symboal foar de greiden. De giele kleur stiet foar de hynsteblommen en bûterblommen dy't de polder yn de simmer in giele kleur jout.