Springe nei ynhâld

Flagge fan Garyp

Ut Wikipedy
Flagge fan Garyp

De flagge fan Garyp is de flagge fan it doarp Garyp, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. De flagge waard yn 1984 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bultsma.

By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif hichtebanen fan grien-wyt-read-wyt-grien, yn de ferhâlding 2:1:2:1:2.

De kleuren komme út it wapen fan Garyp.

  • Griene banen: ferwiist nei de bosken yn de omkriten fan it doarp.
  • Wite banen: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
  • Reade baan: ferwiist nei de plaknamme dy bestiet út "ga", wat doarp of doarpsgebiet betsjut en "ryp", wat lânstrook betjsut. De reade baan ferwiist nei de himrik fan Garyp.