Springe nei ynhâld

Flagge fan Flylân

Ut Wikipedy
Flagge fan Flylân

De flagge fan Flylân is de flagge fan de gemeente Flylân. De flagge waard op 29 july 1938 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

De flagge fan de gemeente Flylân bestiet út twa like grutte rjochthoekige banen, de boppeste fan seegrien, de ûnderste fan wite kleur, mei in ferhâlding fan 2:1.

De kleuren komme út de wapens fan East- en West-Flylân.

De flagge soe ek al yn de 16e en 17e iuw brûkt wêze. De kleuren fan de flagge komme út in rymke: "Grien is de helm, wyt is it sân, dat binne de kleuren fan Flylân". 'Helm' ferwiist yn dit ferbân nei helm. Ferskate waadeilannen ha in rymke oer de betsjutting fan de kleuren fan de flagge. Mooglik waarden de kleuren fan de flagge en de folchoarder wêryn se stean op dizze manier oan de bern te learen.