Flagge fan Earnewâld
Appearance

De flagge fan Earnewâld is de flagge fan it doarp Earnewâld, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. De flagge waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1984 registrearre.
It ûntwerp is fan Piet Bultsma.
By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije hichtebanen fan grien-wyt-grien, ferhâlding 1:6:1; yn de wite baan op it krús in swarte dûbelde earn.
De kleuren komme út it wapen fan Earnewâld.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dûbelde earn: ferwiist nei de plaknamme Earnewâld, "eerne" komt fan de persoansnamme Erend of Arend.
- Griene banen: ferwizen nei it plattelânskarakter fan it doarp. Ek ferwiist it nei it diel "wâld" fan de plaknamme.