Springe nei ynhâld

Flagge fan Eagum

Ut Wikipedy
Flagge fan Eagum

De flagge fan Eagum is de flagge fan it doarp Eagum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan grien en read, mei in ferhâlding yn de lingte fan 2:1; yn de griene baan in giele trijepoat fan hoannepoaten.

De kleuren komme út it wapen fan Eagum.

  • Hoannepoaten: ferwize nei de ynterpretaasje fan Eagum as middelpunt fan Fryslân. Dit middelpunt soe trije hoannestappen fan de Nikolaastoer fan Eagum lizze.