Flagge fan Dronryp
Appearance

De flagge fan Dronryp is de flagge fan it doarp Dronryp, yn de Fyske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2013 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
In griene hijs fan 1/3 flaggelingte mei it stilearre silhûet fan de tsjerketoer fan Dronryp fan de hichte fanôf it tsjerkedak en sjoen fanút it suden, alles fan wyt; fiif like hege banen fan oranje, wyt, oranje, wyt en oranje.
De kleuren komme út it wapen fan Dronryp. De werjûne tsjerketoer is dy fan d' Alde Wite (Dronryp hat twa tsjerken mei in toer.)