Flagge fan Droegeham
Appearance

De flagge fan Droegeham is de flagge fan it doarp Droegeham, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 2019 registrearre.
It ûntwerp is fan Pleatslik Belang Droegeham.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen fan read, fan wyt en fan giel, lingteferhâlding 1:3:1 mei op it midden it wapen fan Droegeham.
Eardere flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In eardere flagge waard registrearre yn 2000 en is yn 2019 ferfongen.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Blau mei in ferlingde giele broekingstrijehoeke mei de punt yn it midden fan de felchtside reitsjende mei de heale falggelingte; it gehiel belein mei in griene broekingstrijehoeke mei de punt op it midden fan de flagge; dy trijehoeke belein mei in giele oansjende kowekop.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Giele punt: ferwizing nei de lizzing fan Droegeham op in drûge sântonge tusken wetter.
- Griene punt: stiet foar de beam dy symboal stiet foar de brink dy earder yn it doarp lei. Ek stiet it foar de Hamster Mieden: de healannen by it doarp.
- Kowekop: stiet foar de "Droegehamster", in mêger koweras.
- Blau: stiet foar wetter.