Flagge fan Dongeradiel

De flagge fan Dongeradiel is de flagge fan de eardere gemeente Dongeradiel. It wapen waard op 27 oktober 1983 registrearre.
It wapen wurdt net langer brûkt omdat Dongeradiel sûnt 1 jannewaris 2019 part is fan Noardeast-Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
In blauwe hijs wêryn boppe mekoar pleatste trije giele seispuntige stjerren; in flecht fan trije like hege weagjende banen fan read, wyt en read.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Weagjende baan: ferwiist nei it rivierke De Peazens dat troch de gemeente rint.
- Kleuren read en wyt: oernommen út it wapen fan Eastergoa.
- Trije stjerren: ferwize nei de trije gemeenten dy't Dongeradiel foarmen: West-Dongeradiel, East-Dongeradiel en Dokkum.
Wimpel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Wimpel fan Dongeradiel
Tagelyk mei de flagge waard in wimpel oannommen mei de folgjende beskriuwing:
In fjouwerkante hijs fan blau wêryn in giele seispuntige stjer; de flecht is in splitwimpel fan twa banen read en wyt.
Doarpsflaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wapens en flaggen fan de doarpen yn de gemeente Dongeradiel begjinne fansels mei it wapen en de flagge fan Dokkum. De wapens en flaggen binne troch de gemeenteried fan de gemeente Dongeradiel goedkard en fêststeld by riedsbesluit fan 28 jannewaris 1988. De flagge fan De Skâns-Oostmahorn waard pas op 20 desimber 2006 oannommen.