Springe nei ynhâld

Flagge fan Dokkum

Ut Wikipedy
Flagge fan Dokkum

De flagge fan Dokkum is de flagge fan de stêd en eardere gemeente Dokkum. De flagge waard op 29 jannewaris 1948 registrearre.

De flagge is net langer mear as gemeenteflagge yn gebrûk omdat de gemeente Dokkum yn 1984 part waard fan de gemeente Dongeradiel.

De flagge hat neist de kleuren fan it wapen fan Dokkum ek de kleur read. Dit is yn Nederlân ûngewoan, mar de flagge kaam yn 1708 foar yn it flaggeboek fan Hesman. Hesman wie in Dokkumer dus dizze fermelding wurdt as betrouber beskôge.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fjouwer like hege banen fan blau, wyt, read en giel.

Op 25 augustus 1938 waard by riedsbeslut in eardere flagge fêststeld. de kleuren wien giel-blau-wyt.