Flagge fan Doanjum
Appearance

De flagge fan Doanjum is de flagge fan it doarp Doanjum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2002 registrearre.
It ûntwerp is fan J.R. van der Wal en R.J. Broersma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Loftsskean fan read en wyt: yn it read in wite leelje fan 2/3 flaggehichte en yn it wyt in reade roas fan 6/10 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Doanjum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skeane twadieling: oernommen fan it wapen fan de KNKB.
- Roas: oernommen út it wapen fan Frjentsjerteradiel. Ek ferwiist de roas nei it sosjalisme. De griene blêden fan de roazen ferwize nei it keatsen yn it doarp.
- Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Goslinga. Fierder is de leelje in symboal foar de elite yn de omkriten fan it doarp. Ek is de leelje symboal foar Marije, patroanhillige fan de Donatustsjerke fan Doanjum.
- It wapen fan de KNKB.