Flagge fan Dedzjum
Appearance

De flagge fan Dedzjum is de flagge fan it doarp Dedzjum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út twa diagonale flakken yn it wyt en grien rjochtsskeand, mei yn it wyt in read pompeblêd; oan de broekside de fersmelle flagge fan Wûnseradiel.
De kleuren komme út it wapen fan Dedzjum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pompeblêd: stiet foar de eardere marren yn de omkriten fan it doarp.
- Fersmelle flagge: de flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.