Springe nei ynhâld

Flagge fan De Westhoek

Ut Wikipedy
Flagge fan De Westhoek

De flagge fan De Westhoek is de flagge fan it doarp De Westhoek, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2000 registrearre.

It ûntwerp is fan R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije banen wyt, blau en giel yn de hichteferhâlding fan 9:4:3, de dielline twa kear nei ûnderen weagjend, dêr't de dielline tusken it wyt en it blau nei boppe ta by it midden fan de flagge oergiet yn in nei de flechtside oerslaande weachben de dielline tusken it blau en it giel op it midden fan flagge in nei boppe rjochte ynspulting foarmet; yn de broektop fan de falgge in reade oansjende raamskop.

De kleuren komme út it wapen fan De Westhoek.

  • Reade raamskop: lofts pleatse om de namme "westhoek" út te byldzjen, sa as de skiep op it wapen fan De Westhoek.
  • Weag: ferwiist nei de lizzing fan it doarp oan de Waadsee. It ferwiist ek nei de "Golf van Onrust", in monumint yn it doarp foar de arbeidersbeweging yn de 19e iuw.
  • Giel fjil: ferwiist nei de dyk om Fryslân. Dit komt ek werom yn de wapens fan seekearende wetterskippen, sa as de Biltpôlen.
  • Kleurstelling: oernommen fan de flagge fan It Bilt, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie.