Springe nei ynhâld

Flagge fan De Waadhoeke

Ut Wikipedy
Flagge fan De Waadhoeke

De flagge fan De Waadhoeke is de flagge fan de gemeente De Waadhoeke, yn it noardwesten fan de provinsje Fryslân.

De flagge waard yn 2016 ûntwurpen troch de Fryske Rie foar Heraldyk, mar is noch net oannaam as gemeenteflagge troch de gemeenteried fan Waadhoeke. De gemeente brûkt op it stuit in logoflagge.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije banen yn de rjochting fan de flechtdiagonaal yn blau, giel en grien, wêrfan de skieding tusken de blauwe en de giele baan fjouwer kear weage is.

  • Blauwe fjild: ferwiist nei it Waad en de Waadsee dêr't de gemeente oan leit.
  • Giele baan: ferwiist nei de dyk tusken de Waadsee en it achterlizzende lân.
  • Griene fjild: ferwiist nei it lân fan de gemeente.
  • Yndieling: oernommen út wapen fan Westergoa.