Flagge fan De Rottefalle
Appearance

De flagge fan De Rottefalle is de flagge fan it doarp De Rottefalle, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. De flagge waard yn 2014 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen fan grien.wyt en grien, de wite baan belein mei twa reade turven; in broekingstrijehoeke mei de punt op in tredde fan de flecht, de trijehoeke yn trije banen wyt, read en wyt.
De kleuren komme út it wapen fan De Rottefalle.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Trijedieling: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de hoeke fan de gemeente: Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Smellingerlân.
- Reade turven: ferwize nei de feanterij dêr't it doarp troch ûntstien is.
- Reade broekingstrijehoeke: de reade kleur ferwiist nei de eardere heide op it heechfean yn de omkriten fan it doarp.