Springe nei ynhâld

Flagge fan De Pein

Ut Wikipedy
Flagge fan De Pein

De flagge fan De Pein is de flagge fan it doarp De Pein, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2011 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

Yn fjouweren dield oer 1/3 fan de flaggelingte fan giel, mei in wite broektop; oer alles hinne in krús me in earmdikte fan 1/6 flaggehichte, skean yn fjouweren dield fan blau en read, it krús yn de broektop beselskippe fan in swarte turf, mei in lingte fan 1/5 flaggelingte en in hichte fan 1/6 flaggehichte, en yn de broekhoeke fan in griene klaver oan in takke.

De kleuren komme út it wapen fan De Pein.

  • Reade balke: ferwiist nei de haadwei fan it doarp, de Kommisjewei.
  • Blauwe peal: ferwiist nei de Peinder Kanaal dy't troch it doarp rint. De skeane krusing mei de reade balke wiist derop dat de wei en it kanaal like belangryk binne.
  • Turf: ferwiist nei it fean dat noardlik en eastlik fan it doarp oanwêzich is.
  • Giel fijld: symboal foar it deksân wêr't it doarp op leit.
  • Klaverblêd: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Burmania, dy't yn De Pein aktyf wie by de feanterij. It klaverblêd stiet ek foar de lânbou yn de omkriten fan it doarp.