Springe nei ynhâld

Flagge fan De Houtigehage

Ut Wikipedy
Flagge fan De Houtigehage

De flagge fan De Houtigehage is de flagge fan it doarp De Houtigehage, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

De beskriuwing fan de flagge is:

In reade hijs fan 7/15 flaggelingte en in giele flecht, oan de boppe-, en broek- en ûnderkant in râne fan 1/7 flaggehichte, fan giel om it read en fan grien ûnder en boppe it giel; yn de reade hijs, yn'e midden in ôfsnijde wite skieppekop.

De kleuren komme út it wapen fan De Houtigehage.

  • Giele fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
  • Reade fjild: ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.
  • Skieppekop: ferwiist nei it weidzjen fan de heide troch skiep.
  • Râne: ferwiist nei it diel "hage" fan de plaknamme. "Hage" betsjut smelle stripe lân. It grien ferwiist nei de greide.
  • Twadieling wapen: ferwiist nei de buorskippen Fianen en Luchtenfjild dy't yn de himrik fan De Houtigehage lizze.