Springe nei ynhâld

Flagge fan De Hommerts-Jutryp

Ut Wikipedy
Flagge fan De Hommerts-Jutryp

De flagge fan De Hommerts-Jutryp is de flagge fan de doarpen De Hommerts en Jutryp, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2009 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije horisontale banen grien, wyt en swart en op de skieding fan broeking en flecht in read rút fan 6/7 flaggehichte en in breedte fan 9/14 flaggehichte mei dêrop in ikel en in ôfskuorde swynekop, boppe mekoar pleatst, beide fan giel.

De kleuren komme út it wapen fan De Hommerts-Jutryp.

  • Griene baan: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan de doarpen.
  • Wite baan: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan de doarpen.
  • Swarte baan: ferwiist nei it fean yn de omkriten fan de doarpen.
  • Rút: symboal foar de rjochtsspraak. De reade kleur ferwiist nei de bebouwing fan de doarpen en de kleur is oernommen út it wapen fan de famylje Van Hettinga. Dizze famylje bewenne in stins by De Hommerts.
  • Ikel: oernommen út de wapens fan de famyljes Van Hettinga en Van Terwisscha. Dizze leatste bewenne in stins by Jutryp.
  • Swinekop: ferwiist nei de plaknamme "Jutryp". Dit is ek te skreauwen as Jortryp en/of Jort, dit is in ferkoarte foarm fan Everhard. Everhard betjsut soksawat as "sa sterk as in swyn".