Flagge fan De Himrik
Appearance

De flagge fan De Himrik is de flagge fan it doarp De Himrik, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1996 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
In giele hijs fan 5/18 flaggelingte, mei boppe-yn in read Sint-Andreaskrús mei in hichte gelyk oan 11/30 flaggehichte; de krúsearmen mei in dikte fan 1/10 flaggehichte, de flecht fan sân like hege banen grien en wyt.
De kleuren komme út it wapen fan De Himrik.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Giele hijs: ferwiist nei de sânrêch dêr't it doap op leit.
- Sint-Andreaskrús: ferwiist nei Andréas, patroanhillige fan de Wite Tsjerke fan De Himrik.
- Griene banen: ferwiist nei de griene greiden yn de omkriten fan it doarp.
- Wite banen: ferwiist nei de wiken tusken de greiden.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Sânwâlden.