Springe nei ynhâld

Flagge fan De Harkema

Ut Wikipedy
Flagge fan De Harkema

De flagge fan De Harkema is de flagge fan it doarp De Harkema, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1992 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

Yn wyt in reade broekingstrijehoek, reitsjend oan de flechtside, de trijhoek mei in griene seam fan 1/10 flaggehichte en belein mei in giele klimmende liuw fan 17/30 flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan De Harkema.

  • Reade trijehoek: ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.
  • Liuw: oernommen út it wapen fan famylje Harckema, de famylje dêr't it doarp syn namme oan te tanken hat.