Flagge fan De Feanhoop
Appearance

De flagge fan De Feanhoop is de flagge fan it doarp De Feanhoop, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. De flagge waard yn 2015 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen fan giel en blau en skeake fan lizzende blokjes fan swart en wyt, yn trije banen fan fiif blokjes de banen yn de ferhâlding fan 2:7:6; yn it blau, oan de broekside in giele klaver.
De kleuren komme út it wapen fan De Feanhoop.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blauwe baan: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
- Skeake baan: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
- Klaver: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.