Flagge fan De Falom
Appearance

De flagge fan De Falom is de flagge fan it doarp De Falom, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. De flagge waard yn 2002 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Wyt mei in giele, weagjende lykskonkige broekingstrijehoeke, mei de top op de midden fan de flagge en oanslutend in blauwe, weagjende lykskonkige broekingstrijehoeke, ferlinge nei de broekside mei 1/2 flaggelingte en de top it midden fan de flechtside reitsjende; de giele broekingstrijehoeke belein mei in blauwe sûkereiblom fan 2/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan De Falom.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Weagjende blauwe keper: ferwiist nei de falom yn de Falomster Feart dy't hjir pleatse wie, dizze falom is no fuorthelle wêrtroch't it wetter trochstreame kin.
- Giele trijehoeke: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Sûkereiblom: ferwiist nei de ferbou fan Sûkerei.