Springe nei ynhâld

Flagge fan Dantumawâld

Ut Wikipedy
Flagge fan Dantumawâld

De flagge fan Dantumawâld is de flagge fan it eardere doarp (no part fan Damwâld) Dantumawâld. De flagge wurdt no brûkt troch de Feriening fan Doarpsbelangen wyk Dantumawâld. De flagge waard yn 1996 registrearre.

It ûntwerp is fan R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Ferdield yn twa banen giel en read middels in seachtosk-trochsnijing, sa, dat it reade trije punten hat. De hichte fan de punten is gelyk oan 3/4 flaggehichte. Op 1/10 flaggehichte fan de bopperâne fan de flagge in fersmelle horizontale griene baan fan 1/10 flaggehichte. Yn de rjochter ûnderhoeke in wite boarch fan 11/30 flaggehichte, iepene en ferljochte fan it fjild.

De kleuren komme út it wapen fan Dantumawâld.

  • Trije reade punten: stiene foar de trije doarpskearnen fan Damwâld: Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld.
  • Boarch: jout oan wêr't Dantumawâld lei binnen de trije doarpskearnen.
  • Griene baan: ferwiist nei it elzenblêd út it wapen fan Dantumawâld.