Flagge fan Burchwert
Appearance

De flagge fan Burchwert is de flagge fan it doarp Burchwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út in grien fjild mei in wite diagonale baan dy fan linksûnder nei rjochtsboppe trochrint, oan de mastside de fermselde flagge fan Wûnseradiel.
De kleuren komme út it wapen fan Burchwert.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wite baan: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
- Fersmelle flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.