Springe nei ynhâld

Flagge fan Broeksterwâld

Ut Wikipedy
Flagge fan Broeksterwâld

De flagge fan Broeksterwâld is de flagge fan it doarp Broeksterwâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 2002 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bulsma en is op 14 septimber 2001 yn it doarpshûs fan Broeksterwâld ûnthult.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije horisontale banen giel, grien en giel yn ferhâlding fan 2:1:2, op 1/3 fan de flaggelingte in fertikale; dy weagjende baan bestiet út fiif weagjende fersmelde banen fan swart, giel, blau, giel en swart fan de selde dikte, de swarte banen lizze oer de griene horisontale banen hinne, de oare trije lizze ûnder de griene baan; yn de broektop in blauwe sûkereiblom.

De kleuren komme út it wapen fan Broeksterwâld.

  • Giel fjild: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit.
  • Griene baan: ferwiist nei de els út it wapen fan Broeksterwâld. Sawol de grauwe els en de swarte els komme in soad foar yn de omkriten fan it doarp. Dizze beam ferwiist nei it part "wâld" yn de plaknamme.
  • Swart: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp. It weagjen ferwiist nei it part "broek" fan de plaknamme, wat sompige grûn betsjut.
  • Blauwe baan: ferwiist nei de Broekster Feart.
  • Sûkereiblom: oernommen út it wapen fan Broeksterwâld. Dizze blom ferwiist nei it ferbouwen fan sûkerei by it doarp.