Springe nei ynhâld

Flagge fan Britswert

Ut Wikipedy
Flagge fan Britswert

De flagge fan Britswert is de flagge fan it doarp Britswert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen read en blau, mei oer alles hinne in lizzend giel anker, dêr't de stâle fan begjint op 1/3 flaggelingte en de punt leit op 13/15 flaggelingte en in dikte hat fan earder 1/10 flaggehichte en útgeande fan de ankerstâle oer de tinkbyldige linen fan in broekingstrijehoeke mei de top op 1/3 flaggelingte, yn it read in giele klaver op rjochte stâle en yn it blau in leelje mei ôfsniene foet.

De kleuren komme út it wapen fan Britswert.

  • Reade baan: ferwiist nei it lân en nei de skipsbou by it doarp.
  • Blau fjild: ferwiist nei it wetter fan de eardere Britswertermar, yn 1855 ynpoldere.
  • Klaverblêd: ferwiist nei de feehâlderij en de greiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Leelje: de leelje kaam foar oan de râne fan de Britswertermar.
  • Anker: ferwiist nei de skipsbou by it doarp.