Flagge fan Bontebok
Appearance

De flagge fan Bontebok is de flagge fan it doarp Bontebok, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. De flagge is yn 1997 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Yn fjouweren ferdield oer 1/3 fan de flaggelingte fan giel en read; oer de dielline in blau krús mei in earmdikte fan 1/10 flaggehichte. Yn de broektop in steande (swart-wite) bonte bok en yn de broekhoeke in turfskep en in oplizzer, skeankrúst mei de stâlen omheech, alles fan giel.
De kleuren komme út it wapen fan Bontebok.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bontebok: ferwiist nei de plaknamme fan it doarp.
- Giele fjilden: ferwize nei de sângrûnen wêr't it doarp op leit.
- Reade fjilden: ferwize nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.
- Turfskep en oplizzer: symboalen foar de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
- Blau krús: stiet foar de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en syn wiken.