Flagge fan Boelensloane
Appearance

De flagge fan Boelensloane is de flagge fan it doarp Boelensloane, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1999 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Yn grien in reade lykskonkige broekingstrijehoeke, nei de broekside langer makke mei 1/5 flaggelingte en belein mei in wite roas mei in hichte, gelyk oan 2/5 flaggehichte; slutend oan de reade broekingstrijehoeke in giele rjochthoekige keper mei de top op 2/3 flaggelingte.
De kleuren komme út it wapen fan Boelensloane.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Reade trijehoeke: ferwiist nei de wâldhúskes fan stien yn it doarp.
- Giele keper: ferwiist nei it ploegjen wêr mei de earme heide feroare waard nei lânbougrûn of greide.
- Grien fjild: ferwiist nei de takomst mei wolfeart.
- Wite roas: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Boelens, wêr't it plak syn namme oan te tanken hat.
- It wapen fan de famylje Fan Boelens.