Springe nei ynhâld

Flagge fan Boarnburgum en Koartehimmen

Ut Wikipedy
Flagge fan Boarnburgum en Koartehimmen

De flagge fan Boarnburgum en Koartehimmen is de flagge fan de doarpen Boarnburgum en Koartehimmen, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2013 registrearre.

Omdat beide doarpen yn Doarpsbelang gearwurkje, woene se in mienskiplike flagge.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fjouwer banen fan read, giel, grien, giel en read; de boppeste en ûnderste reade baan toskfoarmich, mei fiif tosken dy't nei de midden fan de flagge wize, begjinnend op 1/10 fan de flaggehichte en de punten op 1/4 flaggehichte; yn it midden fan de flagge in weagjende griene baan fan 1/5 flaggehichte, dy't fanôf de broekside op 1/6 flaggelingte ûnderbrutsen is oer in lingte fan 1/3 flaggelingte; yn it ûnderbrutsen diel in griene leelje.

De kleuren komme út de wapens fan Boarnburgum en Koartehimmen.

  • Reade toske banen: ferbyldet it feit dat beide doarpen lintdoarpen binne.
  • Giele baan: ferwiist nei de sângrûn dêr't de doarpen op lizze.
  • Weagjende griene baan: ferwiist nei de de Drait dy't troch Koartehimmen streamt en De Boarn dy't troch Boarnburgum streamt.
  • Griene leelje: ferwiist nei it natuergebiet westlik fan de doarpen.